Topgroepen KNKB traine yn Mantgum

Snein 18 april, in skitterjende dei. In prachtich foarjiersintsje sette de wrâld yn bloei. In suchtsje wyn soarge foar kuolte dy’t foar sporters sa wolkom is. Ideale omstannichheden foar de Amstel Gold Race yn it suden fan ús lân mar fansels net folle minder foar ús keatsers dy’t har tariede op it kommende keatsseizoen.

De Topgroepen fan de KNKB koenen net trainen op it fjild yn Winsum. Dat fjild hie ôfrûne winter tsjinne as iisbaanterrein en de gersmatte wie troch de lange winter noch net hersteld. De KNKB wie dan ek mar wat bliid dat har needgjalp foar “krisesopfang” daliks beäntwurde waard troch Jacob Klaver, om yn Mantgum te trainen. Op snein 18 april wienen der ûnder lieding fan fiif trainers yn totaal sa’n tritich keatsers op it Mantgumer sportfjild. Moarns waard der tusken 10.00 en 12.00 in stevige training ôflein, dêrnei waard iten en krigen se in lêzing fan Yeb Hingst oer alderhande saken om it keatsen hinne. Hingst, dy’t ûnder oaren, de ôfrûne twa jier de jongespartoeren fan Wjelsryp nei it Freulegoud liede, koe fansels putte út eigen erfarings. Middeis waard wêr traint en om sa’n oer as fiif waard de middei mienskiplik ôfslúten. Ek yn de kommende wiken sil de KNKB noch in tal kearen gebrûk meitsje fan it fjild yn Mantgum. Op tiisdei te jûn komme de welpen jonges en de puppillen famkes en op woansdei te jûn de welpen famkes. It is moai om te sjen dat der nei in tal jierren op beide jûnen ek wer Mantgumer talinten selektearre binne foar dizze KNKB trainingen. In moaie opstekker foar ús jeugdkommisje. Wolle jim ek ris sjen hoe’t it der op en ta giet op sa’n trainingsjûn? Kom dan op tiisdei of woansdei te jûn ris nei ús keatsfjild!!

Geplaatst op 18 April 2010